Oeralindaboek

Ofskie oan Dr. Wirth.

 

In goed jier hat Dr. Herman Felix Wirth yn ús Fryske lan tahâlden. Yn Desimber 1922 hâldde er yn Ljouwert, Boalsert, Snits en oare plakken syn lêzing oer de ûleboerden. Yn Maert 1923 waerd er bineamd ta learaer yn ierdrykskinde oan it Snitser gymnasium. Hjoed is syn earfol ûntslach yngien en makket er him klear for de weromreis nei Marboarch (1 Febr. 1924).

Ik haw ôfskie fen him nommen op de learaerskeamer fen it gymnasium. Hy liet my in foto sjên fen syn hûs Eresberg yn 'e berch-iensumens fen it Hesselân. Dêr scil er trochgean mei syn archeologyske en folkloristyske stúdzjes, dy't de wrald en net it minst Fryslân omfieme.

Ik rekkenje it in plicht him hjir yn it iepenbier it farwol ta to roppen, as man fen wittenskip dy't ûs each iepene hat for dingen yn ús allerneiste omkriten, dêr't wy alear blyn for wierne.

Dr. Wirth is bûten it gebiet fen 'e wittenskip ek opstien as profeet fen de oer-ario-germaenske godstsjinst. Hy hat it Kalvinisme, dêr't er yn opbrocht is en dat om him hinne strûze yn it „Christelijk Tehuis" to Kampen farre litten. It leauwe fen 'e profeten en apostels, dêr't Christus de hoekstien fen is, is net mear sines. Under ynfloed fen Nietzsche en Friedrich Delitzsch, de skriuwer fen Babel und Bibel (1902) rekke er yn syn stúdzjejierren to Bazel, dêr't er promovearre op it Nederlânsk folksliet, en to Berlyn, op 'e slinger­paden fen it Natuer-Pantheïsme. Yn 'e wrâldkriich stie er yn it earste gelid fen 'e Flaemske aktivisten. Yn it lân fen 'e Dolomiten gie him in nij Ijocht op oer syn slomjende tinkbylden. Julrêd en heakekrús waerden de symboalen fen syn leauwe. Mei in ropping yn him om de âlde stander fen Joadendom en Christendom del to triuwen kaem er yn Fryslân.

Syn earste lêzing yn Snits mei Ijochtbylden scil ik nea forjitte. It materiael wier glansryk. De demonstraesje wier pynlik en bisoarge my sliepeleaze nachten. Dat skimpen op 'e „haetlear fen Jahwe", dat ôfjaen op it Joadendom en op de Kristlike tsjerken, dat forhearlikjen fen Wralda de god fen it Oera Linda Boek wearsgen my. Yn dat forhúnjen fen hwet in oar hillich en dierber is, stiet Dr. Wirth foar my as de Ijeagenprofeet fen in wanhopige saek. Mear as ienris, byhwennear ik de degen mei him krúste, haw ik him dit sein. En by it ôfskie siz ik it iepenlik wer.

Mar ik earje him hjir as de stoere bodder, dy't him faek boppe syn krêft warde om de Fryske eigenheden to ûndersiikjen. Waer ef gjin waer, hy gie op 'e steamfyts nei de fierste efterôfgatten en de ienlikste boerkerijen om in foto to nimmen fen in ûleboerd ef in lânhikke. En hy seach visionair hwet ús ûntgie. Hy brocht it yn forbân mei de foartiid. Hy brocht biwizen by for de taeijens fen 'e tradysje yn 'e âld-Fryske sierkinst. Hy bisocht de symbolyk yn dy ornaminten to forklearjen yn forbân mei de Noardske rotsbylden. de Aegyptyske grêven en de Assyryske monuminten.

Ik leau net, det syn theory fen it rassefraechstik opgiet. Syn konklûzjes lykje my foarbarich ta. As men it boek lest fen K. Helm, Alt-Germanische Religionsgeschichte, kriget men de yndruk, det dizze learde frijhwet hoedener towirk giet.

Nettsjinsteande dit allegearre kin Fryslân tankber wêze det dizze net-Fries syn tinte hjir in jierlang opslein hat. Hy hat de kimen fen ús lyts lantsje breder útlein. Hy hat ús mûglikheden sjen litten, dêr't wy op gjin foetten ef fiemen nei erch yn hiene.

Nuver, det de Ijue om utens ús dat leare moatte!
Dat trunet oan ta steger en dreger ûdersiik yn eigen formidden, mar ek ta in iepen each for it fiere en frjemde.

Oan Fryslân is op elk gebiet ûnrjucht dien, ieuwenlang.
En oant hjoed-de-dei bistiet dat ûnrjucht.
Mar de dei fen Fryslân komt.
Dr. Wirth hat der in glinster fen sjoen.
Hy hat dy efkes for ús fonkelje litten.
Wy sjugge út nei mear Ijocht.
Farwol!

Sa skreau ik yn it Heitelân fen 9 Febr. 1924. Tsjien jier binne forroun. Adolf Hitler is opstien as lieder fen it trêdde Ryk, Wirth is ien fen syn profeten en it Oera Linda Boek waerd Germanebibel.

De nije Dútske útjefte hat ta Epilog dizze profesije: ,,Aus der tieffsten Nacht des Niederganges und der Erniedrigung sollte einst, nach der Seherin, der weisen Frau Verheiszung, das Zeitenrad sich für unser Volk emporwenden. lm dieses Jul- und Wenderades, der sich in unserem Volke erfüllenden Zeit Gottes, steht unser Drittes Reich.”

Wûnder forrin fen it wrâldbarren: in dokumint fen Fryslân's skriftekennisse wirdt steld boppe de Edda en proklamearre ta Hillige Skrift, de natûr-pantheïstyske Wrâldalear wirdt fen hegerhûn set boppe it tsjûgenis fen apostelen en profeten. In Friezebibel moat tsjinst dwaen for de biologyske grounslaggen fen in nij Dútsklân.

Uit: G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân, II (1934), p. 482-485.